
Ien mienskip, trije doarpen, ien feest
De Ouster-Trijegea foarmje ien mienskip opboud út OUWSTERHAULE, OUWSTER-NIJGEA en OLDEOUWER. Of do no út it iene of it oare doarp komst: dit is ús feest.
Ouwsterhaule
is mei fierwei it grutste fan de trije doarpen en leit grutsk neist de Haulsterbosken, dêr't ek ús feestterrein te finen is. Guon sizze dat Ouwsterhaule dêrtroch automatysk thúsfoardiel hat tidens it doarpsfeest. Wy litte dat leaver yn it midden..
Ouwster-Nijega
leit tusken beide doarpen yn en stiet bekend om ien ding wêr't gjinien om hinne kin: it winnen fan de sânkamp. De wikselbeker hat der ûndertusken al meardere kearen logearre, ta lichte frustraasje fan guon buorlju..
Oldeouwer
leit oan de oevers fan it Tsjûkemar, it grutste mar fan Fryslân. In prachtich doarp dêr't rêst, wetter en gesellichheid gearkomme. Dochs blykt dy rêst tidens de sânkamp somtiden fier te sykjen..
Oer ús
Doarpsfeest Ouster-Trijegea is hét feest fan it doarp, foar it doarp. Ien kear yn de twa jier sette wy mei-inoar in unyk barren del dêr't jong en âld inoar moetsje, wille meitsje en oantinkens meitsje.
Efter it doarpsfeest stiet in entûsjaste groep frijwilligers dy't him mei in protte wille ynset om fan elke edysje in sukses te meitsjen. Ús doel is net allinnich om in moai feest te organisearjen, mar ek om de ferbining tusken de ferskillende buerten en ynwenners fan Ouwster-Trijegea te fersterkjen. Mei-inoar meitsje wy ús doarp libben, gesellich en belutsen.
It doarpsfeest is der foar elkenien. Of do no komst foar de aktiviteiten, de gesellichheid of om âlde bekenden wer ris te sprekken: elkenien is wolkom.
Om dit bysûndere feest mooglik te bliuwen meitsjen, binne wy altyd op syk nei nije frijwilligers. Grut of lyts, ienmalich of struktureel: alle help is wolkom. Mei-inoar soargje wy derfoar dat ús doarpsfeest in tradysje bliuwt dêr't it hiele doarp grutsk op wêze kin.
Want úteinlik jildt: in doarpsfeest meitsje je mei-inoar!